“Kofje mei ferhaal” mei Marieke Meinderts

Us lêste sprekster foar it simmerskoft is Marieke Meinderts, no wurkjend as plakferfangend
direkteur fan de penitentiêre ynrjochting de Marwei yn Ljouwert. Dêrfoar hat se op ferskate wurkplakken har juridyske deskundigens ynsetten û.o bij de plysje en it CJIB.

Opgroeid yn Wergea gong se rjochten studearje yn Grins. Se kin ús fêst moaie ferhalen fertelle oer har bysûndere projekten yn it bûtenlân, sa as yn Moldavië en yn Brazilië, dêr ’t se mei har heit Jan Meinderts mei in projekt dwaande wie.

We tinke dat Marieke ús in fijne en gesellige moarn besoargje sil mei har ferhalen en
bylden oer har jeugd, har wurk en har projekten.

De kofje stiet klear foar wa ‘t sin en tiid hat om te kommen!

Tongersdei 2 maart 10.00 oere
Us Doarpshûs te Wergea
Tagong fergees
Kofje en tee: €1,-

Graach oant sjen,
Grieteke, Rommy, Isabel