Us lêste gast fan dizze searje wie Marieke Meinderts.
Tongersdei 2 maart alwer in folle bak.
Marieke, opgroeid yn it gesin fan Jan en Aaltsje fertelt mei in protte humor oer har bernejierren. De Meindertsclan ; se moasten oanpakke mar der wie ek altyd tiid foar aventoer. Sneins mei de hele klup nei de haaiefeart( in feeroaster, mar dêr waard troch heit Jan in hele oare betsjutting oan jûn).
Aventoer sit ek djip yn it dna fan Marieke.
Se studearre rjochten, mar yn de advocatuur hat se nooit echt wurke.
Se hat ferskillende topfunksjes hân by û.o it CJIB, plysje Noord- Nederland, detacheard yn Brussel by it Europarlement, de provinsje Fryslan, en sûnt koart is se direkteur fan de PI Marwei.
Dêrneist is se mem fan trije bern en hat se har hele libben frijwilligerswurk dien.
En dat wiene grutte projekten oer de hele wrâld. Ecuador, Moldavia, Brazilië.
Mei har golle laits en entûsjaste ferhaal hat se ús de hele moarn yn ‘e besnijing. Der waard nei ôfrin faak sein: “ Wat ha wy as ik dit hear in saai libben”.
In moaie ôfsluting sa fan ús seizoen.