” Kofje mei in ferhaal”
mei Houkje Rijpstra

Tongersdei 2 febrewaris starte we it nije seizoen fan “Kofje mei in ferhaal” mei it libbensferhaal fan âld-doarpsgenoat Houkje Rijpstra.
As je Houkje har cv besjogge tinke je hoe krijt se dit allegearre foarelkoar.
Houkje is berne yn Wergea en wennet hjir oant en mei har middelbere skoalle tiid. Fansels fertelt sy ek wer it noadige oer hoe’t sy as famke yn Wergea opgroeide.
Nei de Ubbo Emmius (letter studeart se ôf op de Universiteit yn Grins yn Fryske taal en letterkunde ) is se fraksjemeiwurker fan de PvdA yn de provinsajale Steaten, Redakteur Actief Burgum, einredakteur Omrop Fryslân, wethâlder/ locoburgemeester gemeente Tytjerksteradiel, direkteur Vereniging Circulair Friesland en sûnt in jier direkteur- bestjoerder Omrop Fryslân.
Mei anekdoates, foto’s en films fertelt sy dizze moarn har nijsgjirrige libbensferhaal.
Foar elkenien dy’t tongersdeitemoarn tiid hat.

2 febrewaris 10.00 oere
Doarpshûs Wergea
Tagong fergees
Kofje en tee: €1,-

Graach oant sjen.
Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt.