Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Kofje mei in Ferhaal: Frans Slaterus

5 oktober 2023 10:00

KOFJE MEI IN FERHAAL mei FRANS SLATERUS

Tongersdei 5 oktober is de start fan in nije searje:’ Kofje mei in ferhaal’.
Doarpsgenoat Frans Slaterus is ús earste gast. Yn 1984 kaam hy mei Klazien yn Wergea wenjen en fuort al wie hy belutsen by fan alles en noch wat yn Wergea.
Berne yn Ljouwert; altyd in bân hân mei sosjale en kulturele organisaasjes. Jierrenlang roadie/lûdsman west fan ferskate bekende bands as Vitesse, Herman Broad and his Wild Romance. By Omrop Fryslân yn tsjinst as editor, sjef technyk, regisseur TV en projektlieder. It mei dúdlik wêze: Frans hat heel wat te fertellen en sjen te litten.

Foar elkenien dy ‘t tongersdeitemoarn frij hat.

5 oktober 10.00 oere
Tagong fergees
Kofje en tee: €1,-

De folgjende data kin jim fêstlizze.
* 2 novimber: fotografe Heleen Haijtema
* 1 febrewaris: kreative tûzenpoat Tjitske Dijkstra
* 7 maart: dominee Daan Bargerbos

Graach oant sjen,
Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt.

Gegevens

Datum:
5 oktober 2023
Tijd:
10:00
Evenement Categorieën:
,