Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Kofje mei in ferhaal: 5 feb 2026: Hendrik Fridsma

5 februari 10:00 - 12:00

KOFJE MEI IN FERHAAL MEI HENDRIK FRIDSMA

Tongersdei 5 febrewaris komt Hendrik Fridsma syn libbensferhaal fertellen.
Hikke en tein yn Wergea ( foar de net-friezen; geboren en getogen).
As der ien in man fan it doarp is, is hy dat wol. De jeugdsoos, Havensbank, merkekommisje, al gau is hy oeral en nergens by belutsen. Oanjager fan in protte projekten; syn kreative geast makket dat men him graach ynskeakelt. Ôfrûne jier rûn hy de camino nei Santiago de Compestella.
It mist ús net; ek dêr is genôch oer te fertellen…

Foar elkenien dy’t tongersdeitemoarn frij hat.

ton 5 feb 10.00 oere  (ynrin 9.30 oere)
Tagong fergees
Kofje en tee: €1,-

Graach oant sjen,
Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt

 

Gegevens

  • Datum: 5 februari
  • Tijd:
    10:00 - 12:00
  • Evenement Categorie: