Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Húskeamer: Kofje mei in Ferhaal – Theo Smedes

3 november 2022 10:00

“Kofje mei in ferhaal”
      mei Theo Smedes 
 
De premjêre fan ‘Kofje mei in ferhaal’ tongersdei 6 oktober wie in grut súkses. In goeie 50 besikers genoaten fan it prachtige ferhaal fan topkok Geert-Jan Vaartjes.
Wat in moaie start fan dit nije projekt.
 
Tongersdei 3 novimber fertelt ús doarpsgenoat Theo Smedes oer syn libben as teatermakker, regisseur en akteur. 
As jonkje wie hy al fassineard troch toaniel; de Gouden Gurbe dy ‘t hy krige foar syn rol yn it iepenloftspul ‘De Opera’ yn Burgum wie syn trochbraak en tagelyk kaam by him it besef : dit is myn passy, dit is wat ik wol. Syn dream, om fan teater in beroep meitsje te kinnen, waard werklikheid. 
Hy spilet by de Peergroup, by Tryater, BUOG, en Pier 21. Mei Freark Smink reizget hy nei Kanada om ek dêr de súksesfoarstelling’ De emigrant’ te spyljen.
Hy rjochtet syn eigen stichting ‘de Noorder Smederij’ op.
Yn Wergea sels leare we hem kennen as de regisseur fan û.o ‘De Moulin Rouge’, ‘Mamma Mia’, ‘de Suvering’.
Mei anekdoates, foto’s en films fertelt hy dizze moarn syn libbensferhaal.
 
Foar elkenien dy’t tongersdeitemoarn tiid hat.
 
3 novimber 10.00 oere
Tagong fergees
Kofje en tee: €1,-
 
Graach oant sjen.
Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt.

Gegevens

Datum:
3 november 2022
Tijd:
10:00
Evenement Categorie: