Kofje mei in ferhaal

mei Henk Martin van Dijk

Us twadde gast fan dit seizoen.

Henk Martin is berne en opgroeid yn Ljouwert; nei de HAVO wol hy de ferpleging yn, mar bedarret as kellner op in cruise-skip.

Nei allerhande omswervingen en bysûndere banen ( hy begjint op in stuit Café de Ouwe Stoep yn Ljouwert) komt hy mei syn Jeannette yn Wergea te wenjen en úteinlik bedarret hy wol yn de soarch.

Syn hûs en hert stean iepen foar leafdefolle opfang fan ferskeidene pleechbern.

It mei dúdlik wêze; ek dit wurdt wer in hiele moaie moarn.

Foar elkenien dy’t tongersdeitemoarn frij hat.

5 novimber

10.00 oere (ynrin fanôf 9.30 oere)

Us Doarpshûs Wergea

Tagong fergees

Kofje/tee €1,-
Graach oant sjen,

Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt.